Ljouwerter mei djoere auto en boaten fertocht fan wytwaskjen

04 okt 2016 - 15:43
  • Ien fan de boaten dy't yn beslach naam binne

In 36-jierrige Ljouwerter is moandei oanhâlden op fertinking fan wytwaskjen. De plysje hat by de fertochte in auto en twa jachten yn beslach naam. De wearde fan de auto wurdt rûsd op 50.000 euro, dy fan de boaten op 300.000 en 20.000 euro. De plysje kaam de man op it spoar troch syn opfallende útjeftepatroan.

By it trochsykjen fan syn hûs en in tal garaazjeboksen fûn de plysje in fjoerwapen, in nepfjoerwapen, pillen, poeiers, in djoer horloazje en in grut jildbedrach yn kontanten. Dit guod is ek yn beslach naam.

De plysje docht fierder ûndersyk nei de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)