Iten keapje by streekboeren hieltyd populêrder

04 okt 2016 - 15:29
  • De Fryske greiden binne oan it feroarjen

De Streekboer hat it earste jier fan harren bestean in flinke groei trochmakke. Fia de Fryske organisaasje kinne minsken iten keapje fan lokale boeren. Se bestelle op in webside en kinne ien kear yn 'e wike op in fêst plak de bestelling by de boer ophelje.

De Streekboer is goed in jier lyn begûn mei 12 boeren, no binne dat der 60. De alderearste kear wienen der 30 bestellingen, no hawwe se 1500 klanten. Koene de klanten earst allinnich harren bestelling yn Nijhoarne ophelje, no kin dat op 13 plakken yn 'e provinsje.

De grins oer

De Streekboer hat krekt lyn mei in crowdfundingsaksje 100.000 euro ophelle foar fierdere groei. Sa wurdt der hurd wurke om yn Grinslân in earste ôfhellokaasje op te setten. Noch dit jier moat der in lokaasje yn 'e stêd Grins iepene wurde. Uteinlik wol de organisaasje útwreidzje nei hiel Nederlân.

Alternatyf

Neffens Sandra Ronde, ien fan de oprjochters, is der hieltyd mear ferlet fan lokaal iten. "Mensen gaan steeds vaker bewuster en kritischer met eten om.'' Ek de boeren binne neffens har faker op syk nei alternativen om harren produkten oan de man te bringen. "Kijk naar de melkveehouders die het momenteel heel erg moeilijk hebben vanwege de lage melkprijs.''

Sneon 8 oktober is der iepen dei by de boeren dy't oansletten binne by De Streekboer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)