67 boetes by brommerkontrôle

05 des 2011 - 10:37

De yntinsive brommerkontrôle fan de Fryske plysje hat yn novimber yn Ljouwert mei-elkoar 67 boetes opsmiten. De measten wiene foar brommers dy't fierste hurd ride koenen. Fierders wie der ek noch in flink tal bestjoerders sûnder jildich rydbewiis en tsien brommers hiene gjin goede spegels of kentekenplaat.

De plysje Fryslân woe mei de kampanje omtinken freegje foar de gefaren en risiko's fan brommers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)