Weststellingwerf lit twa sinneparken oanlizze

04 okt 2016 - 14:10
  • Sinnepark

De gemeente Weststellingwerf giet yn see mei Gutami Solar op It Hearrenfean foar it oanlizzen en eksploitearjen fan sinneparken by Wolvegea en Noardwâlde. De gemeente stelt yn totaal 10 bunder grûn beskikber foar de oanlis fan de beide sinneparken.

Mei de opbringst wurde sa'n 2400 húshâldens fan stroom foarsjoen. It bedriuw sil de parken oanlizze en 15 oant 25 jier lang ûnderhâlde. De oanlis fan de parken kostet miljoenen euro's.

LTO yn Weststellingwerf wie earder kritysk oer de plannen. Neffens de organisaasje giet it om lânbougrûn en soene dêr gjin sinnepanielen op delset wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)