Plysje makket jacht op losrinnende ko by de A7

04 okt 2016 - 13:34

In losrinnende ko by de A7 del hâldt de helptsjinsten tiisdeitemiddei flink dwaande. De plysje stiet mei meardere weinen op de flechtstreek by Lúkswâld, om it ferkear te warskôgjen en yn de gaten te hâlden oft de ko de sneldyk net oprint.

In meiwurker fan de plysje hat de drachtige ko yntusken rekke mei in ferdôvingspylk. As it bist daliks yn sliep falt, wurdt er werombrocht nei de eigener. It ferkear op de A7 rint foarearst gjin gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)