Tal museumbesites yn Fryslân groeit flink

04 okt 2016 - 13:27

It tal museumbesiken yn Fryslân is flink tanaam. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS. It ûndersyk wurdt om de twa jier hâlden. Lutsen de Fryske musea yn 2013 noch 820.000 besikers, yn 2015 wienen dat der 865.000.

Dat komt mei fan rekken troch it tal bûtenlânske besikers. Dat wienen der 19.000 mear as yn 2013, sa'n 69.000.

Nije koers

Neffens Mirjam Pracht, museumkonsulint by de Museum Federaasje Fryslân past it byld fan it tal bûtenlânske besikers by de koers dy't ynslein is troch Fryske musea. "We zien dat Merk Fryslân en Kultureel Haadstêd 2018 daar wel aan bijdragen," sa seit Pragt.

Fanút it basisûnderwiis wienen der yn 2015 52.000 bern dy't delkamen yn in Frysk museum. Op de middelbere skoalle wienen dat der 23.000.

Trefwurden: 
museum museumbesite CBS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)