Sytze Brouwer wurdt skipper op Feanster skûtsje

04 okt 2016 - 13:22
  • Sytze Brouwer

Sytze Brouwer wurdt skipper op it skûtsje de Gerben van Manen, dat hat de Stichting Heerenveenster Skûtsje besletten. Brouwer folget Alco Rijenga op, dy't ferline wike opstapte omdat er fynt dat er net genôch stipe krige fan bemanning en bestjoer.

Earder wienen ek de heit, omke en âldomke fan Sytse Brouwer skipper op de Gerben van Manen. Sels is er al jierren as fokkenist aktyf op it skûtsje. Neffens it bestjoer moasten se gau tapakke by de 33-jierrige Sytze Brouwer, omdat der ek belangstelling fan oare skûtsjebestjoeren foar him wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)