Needopfang yn hotel de Valk yn Frjentsjer fan de baan

Hotel de Valk yn Frjentsjer © Google Street View
De needopfang yn Hotel de Valk yn Frjentsjer is fan de baan. Dat hat de gemeente fan it COA te hearren krigen. De ynstroom fan flechtlingen is op it stuit lytser as ferwachte. Dêrtroch binne der minder opfangplakken nedich.
De direkte omwenjenden fan de Valk binne al ynformearre oer de nije sitewaasje. De gemeente wachtet noch wol op de offisjele befêstiging fan it COA.
Frjentsjerteradiel hat op it stuit gjin konkrete fersiken mear foar needopfang of in azc. Wol seit de gemeente him ynsette te bliuwen foar flechtlingen, ûnder oaren troch it húsfestjen fan statushâlders.