Stresstest: Antonius Sikehûs hat finânsjes goed op oarder

04 okt 2016 - 12:01
  • It Antonius sikehûs yn Snits

It Antonius sikehûs yn Snits is as twadde einige yn in finansjele stresstest ûnder 68 sikehuzen troch accountantskantoar BDO. It sikehûs mei in omset fan 132 miljoen euro hat hast 19 prosint wjerstânfermogen en kin dêrmei finansjele tsjinfallers opfange. Direkteur Jack Thiadens is bliid mei de notearring.

Hy hat it oer in opstekker foar de meiwurkers en pleitet foar mear gearwurking tusken Fryske sikehuzen. It MCL yn Ljouwert einige as 21e, Tjongerschans op It Hearrenfean as 33e en Nij Smellinghe yn Drachten stiet op it 51e plak.

Neffens BDO wurdt de kleau tusken finansjeel sûne sikehuzen en sikehuzen dy't it minder goed dogge hieltyd grutter. It gemiddelde rapportsifer gie fan in 7,1 nei in 6,8.

De sikehuzen fertsjinnen ferline jier mei mekoar 252 miljoen euro, en dat is 30 miljoen minder as it jier derfoar. BDO neamt dat soarchlik om't der sa minder jild oerbliuwt foar needsaaklike ynvestearrings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)