Willem Zwaga (29) nije skipper fan it Ljouwerter skûtsje

04 okt 2016 - 11:55
  • Willem Zwaga

Willem Zwaga wurdt de nije skipper fan it Ljouwerter skûtsje. Hy folget Siete Meeter op, dy't it skipper wêzen net langer kombinearje koe mei syn wurk en priveelibben. Willem wurdt mei syn 29 jier de jongste skipper yn de SKS.

Hy is neffens it bestjoer as bêste út de seleksje kaam, mei omdat er al in soad ûnderfining hat op it Ljouwerter skûtsje. Willem is in soan fan Ulbe Zwaga, dy't as skipper twa kear it kampioenskip behelle by de SKS mei it Ljouwerter skûtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)