UPDATE: Saak Klaas Haijtema ferpleatst nei tongersdei

04 okt 2016 - 19:54

De beslissing yn de saak fan Klaas Haijtema út Wûns is tiisdei opnij útsteld. Moandei ferpleatste de rjochter yn Myanmar de behanneling al nei tiisdei om't der noch in tsjûge heard wurde moast. No is bekend wurden dat de rjochter pas tongersdei in beslút nimt, meldt it ministearje fan Bûtenlânske Saken.

Wêrom't der opnij útstel is, is net dúdlik. "Het is een besluit van de rechter, maar de achtergronden ervan kennen wij niet", meldt wurdfierder Daphne Kerremans.

De  30-jierrige Haijtema sit yn Myanmar fêst om't er oardel wike lyn in stekker út in fersterker luts by in boeddhistyske fiering. Hy wist net dat it in religieuze gearkomste wie.

Hy makket it neffens it ministearje nei omstannichheden reedlik. Der binne twa meiwurkers fan de ambassade by Haijtema om him en syn freondinne te stypjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)