Kamp stelt 150 miljoen beskikber foar monodongfergisters

04 okt 2016 - 11:16

Minister Henk Kamp fan ekonomyske saken stelt kommend jier 150 miljoen euro beskikber foar sa'n 200 monodongfergisters. Hy makke dit tiisdeitemoarn bekend by it yn gebrûk nimmen fan sa'n fergister by melkfeehâlderij Sassinga fan de famylje Heeg yn Hinnaard.

Mei sa'n fergister kin dong omsetten wurde yn skjinne enerzjy, lykas biogas, elektrisiteit of waarmte. Ien fergister leveret genôch enerzjy foar sa'n 40 húshâldens.

Kamp sjocht yn de fergisters in middel om de klimaatdoelstellings yn Nederlân te heljen, ûnder oaren troch minder CO2 út te stjitten. Suvelbedriuw FrieslandCampina hat al oanjûn de griene stroom fan har melkfeehâlders ôf te nimmen.

Bliid mei stipe

Boer Pieter Heeg is tige wiis mei it jild dat it Ryk beskikber stelt. "Sa'n monodongfergister is foar in boer net rendabel sûnder stipe fan in twadde partij." Troch de stipe fan it Ryk en FrieslandCampinga hat Heeg minder kosten oan it ynstallearjen en it ûnderhâld fan de monodongfergister.

"En ek de ynwenners fan Hinnaard sille profitearje fan de elektrisiteit dy't dizze fergister produsearet", sa seit Heeg.

Trije modellen

De minister en FrieslandCampina hoopje dat se yn foar 2017 200 boeren fûn hawwe dy't in monodongfergister ha wolle. Mei safolle monodongfergisters tinke se dat de CO2 útstjit yn 2020 mei 14% werombrocht is. Boeren dy't sa'n fergister hawwe wolle, kinne har melde by FrieslandCampina.

Der binne trije modellen, ien foar boeren mei minder as 200 kij, ien foar boeren mei sa'n 200 kij en ien foar boeren mei mear as 300 kij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)