BBZ: "Dreech om Dútsk rapport Amicitia op wearde te skatten"

04 okt 2016 - 10:59

De BBZ, de belangeferiening foar berops-sjarterfeart, fynt it dreech om it rapport fan de Dútske ûndersikers oer it deadlik ûngelok mei de Amicitia op wearde te skatten. De Bundesstelle für Seeunfalluntersuchung docht yn gearwurking mei de Onderzoeksraad voor de Veiligheid (OVV) ûndersyk nei de ôfbrutsen mêst op it sjarterskip by Harns. Dêrtroch kamen trije Dútske toeristen om it libben.

Hoewol't it ûndersyk fan de OVV noch wol in jier duorje kin, fûn de BSU it wichtich om no al mei resultaten nei bûten te kommen.

Neffens de Dútsers wie it hout op it breukflak fan de mêst foar trijekwart ferrotte. Dêrom riedt de BSU eigeners fan skippen mei houten mêsten oan om dizze goed te ûndersykjen. Der moat minimaal oan de Europeeske rjochtlinen fan 2006 foldien wurde, skriuwt de Dútske ûndersyksynstânsje.

De BBZ wit net goed wat it mei it advys oan moat, om't de OVV him der net oer útlitte wol. De belangeferiening riedt har leden oan om benammen mei "eigen professionele kennis en verstand van zaken te beoordelen".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)