Brânwacht rêdt hynder út sleat yn Sint-Anne

04 okt 2016 - 10:31

De brânwacht hat moandeitemiddei in hynder út in sleat yn St-Anne rêden. It hynder wie yn it wetter rekke yn de sleat njonken it plysjeburo oan de Hemmemawei. Doe’t de brânwacht te plak kaam, die bliken dat it bist daliks it wetter út moast. It hynder kuiere lykwols hinne en wer.

Mei brânslangen slagge it de brânwacht om it bist fêst te setten en nei in healoere stie it wer op it drûge. Wylst de brânwacht dwaande wie mei de rêdingsaksje, hat de plysje it ferkear regele.

Trefwurden: 
hynder brânwacht Sint-Anne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)