Twa auto's yn brân stutsen yn Ljouwert

04 okt 2016 - 09:59

De plysje yn Ljouwert ûndersiket de brânstichting ôfrûne nacht fan twa auto's op de Hottingastate. De brânwacht hat de brânende auto's blust en koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare auto's yn de buert.

De auto's rekken slim skansearre. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)