Kollum: "Mannepraat by de kofje-automaat"

04 okt 2016 - 08:36

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"It kin oer fan alles gean. Oer de fuotbalútslaggen, oer de trein mei Nazi-goud, oer de ferpletterjende yndruk dy’t Suzanne van Zwam achter har desk yn Fryslân Hjoed makket. Mannepraat by de kofje-automaat. Soms terapeutysk, soms hilarysk, mar altyd ûnderhâldend.

Sa gie it juster oer saneamde mearâldergesinnen, oer bern mei trije of fjouwer âlders. Mar it begûn mei it nijs dat soarchwethâlder Hugo de Jonge fan it CDA yn Rotterdam wol dat âlders, dy’t absolút net by steat binne om in bern op te fieden, ferplichte wurde kinne om antykonsepsje te brûken. Yn gjin tiid gie it praat fan kupmaat F en de rol fan Stijn Schaars oer yn in diskusje mei in etysk tema. It tinken oer ferplichte antykonsepsje foar minsken dy’t net goed foar bern soargje kinne, is net nij.

Yn 2012 jage mr. Pieter van Vollenhoven dy diskusje al oan. Hy wie ta dat stânpunt kaam nei’t er sjoen hie wat emosjoneel ferwaarleazgjen en mishanneljen mei berntsjes docht, wat fysyk ferwaarleazgjen en mishanneljen docht, wat de gefolgen fan seksueel misbrûk binne. Hy fûn, en fynt, krekt as Hugo de Jonge no mei him, dat der wetjouwing om ferplichte antykonsepsje hinne komme moat. In heikel ûnderwerp, sûnder mis. Want fansels giet it oer fûnemintele rjochtsbegjinsels lykas it rjocht op privacy, oer it rjocht om in gesin te foarmjen en oer it rjocht op ûnoantaastberens fan it lichem. Tagelyk is it ek dúdlik dat de gefolgen fan ynkompetinte âlders ferskriklik wêze kinne.

Sa fleagen de arguminten fan foar- en tsjinstanners oer it skom fan de cappuccino en de hurde krûtontsjes fan de tomatesop. Op in stuit gie it oer de makberens fan de maatskippij, mar ek oer yndividualisme en egoïsme. De opmerking dat minsken in bern nimme om lang om let ‘eat fan harsels te hawwen’ foel ek. Moat alles kinne wat mooglik is?

It foarbyld fan homostellen waard oanhelle. Gewoanwei soene der gjin bern út sa’n relaasje fuortkomme fanwegen de biologyske ûnmooglikheid dêrfan. As der nettsjinsteande in bernewinsk ûntstiet, leit adopsje foar de hân. Dêr binne berntsjes mei holpen en is in langjen ferfolle. Win/win. Mar der binne ek stellen dy’t befreone stellen fan it oare geslacht freegje om in bern oan te setten. Dêr ûntstean mearâldergesinnen út, mei alle juridyske en wetlike komplikaasjes dy’t dat opsmyt.

Sa kinne der problemen komme as net-offisjele âlders mei it bern nei de dokter of nei âlderjûnen op skoalle ta gean. Se kinne dêr wegere wurde omdat se gjin âlders binne. Itselde jildt by de dûane as net-offisjele âlders mei it bern op fakânsje wolle. As de twa offisjele âlders in ûngemak krije en derby weireitsje, is der gjin garânsje dat de tredde en/of fjirde âlder de opfieding fuortsette mei. Dêr soe dus wetjouwing foar komme moatte. Mar as foar soks wol wetjouwing komme kin, wêrom dan net foar ferplichte antykonsepsje? Dat wie de fraach dy’t boppe de sûkerklontsjes en de lege kofjebekers hingjen bleau.

Dy’t it antwurd hat mei it sizze."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)