Kwadrantgroep set húsbisteprojekt op foar demintearjenden

04 okt 2016 - 08:27
  • (stockfoto)

Tsien wensoarchlokaasjes fan de Kwadrantgroep krije hjoed 250 euro kado. It jild moat brûkt wurde foar it opsetten fan húsbisteprojekten dy't as doel ha dat demintearjende bewenners yn kontakt komme mei bisten.

Mei it jild kinne bisten of fretten kocht wurde, mar der kin ek in útstapke nei de bernebuorkerij of winkelsintrum mei betelle wurde. De 250 euro mei ek brûkt wurde foar bygelyks de realisaasje fan in poezekeamer of it keapjen fan koaien. By it projekt is ek Proeftuin Dementie Fryslân belutsen.

Dy organisaasje ûndersiket wat de effekten binne fan it kontakt tusken bewenners en bygelyks in kat, fûgel of kavia. Soarchpersoniel hâldt mei bistefersoargers it wolwêzen fan de húsbisten yn de gaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)