UPDATE Studinten Seefeartskoalle hawwe deade seehûn opblaasd

04 okt 2016 - 08:09

Op Skylge is opskuor ûntstien oer studinten fan de Hegere Seefeartskoalle Willem Barentsz dy't in deade seehûn mei fjoerwurk opblaasd hawwe. Dat meldt Kustnieuws Nederland & Europa. Op sosjale media stiet in foto fan in deade seehûn op it balkon fan in appartemint fan de seefeartskoalle. It bistje is op 27 septimber fûn.

Op deselde jûn wie der in gefjocht mei iten ûnder de studinten. Derby is ek de deade seehûn mei fjoerwurk opblaasd. 

De groep studinten hat spyt fan harren aksje. De skoallieding wie net bliid mei de aksje en hat de groep stevich tasprutsen. De studinten binne der no fan oertsjûge dat it in ûnberette aksje west hat.

Se hawwe oanbean om frijwilligerswurk te dwaan by in seehûne-opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)