Plysje ûndersiket ferbân tusken ynbraken yn fytsewinkels

04 okt 2016 - 07:55
  • Fjouwer racefytsen waarden yn in sleat fûn

De plysje ûndersiket of der in ferbân is tusken de fytserôven by de winkel fan Haico Bouma yn Aldehaske earder dit jier en de grutte rôf by Scholten Cycling yn Dalen ôfrûne wykein. Dêr binne 50 djoere fytsen stellen. Yn de winkel fan Bouma waard yn de simmer binnen seis wiken twa kear ynbrutsen.

Der waarden 24 djoere fytsen stellen, wêrfan in lyts part letter weromfûn waard. De ynbrekkers wurken neffens Bouma yn Dalen op deselde wize as by him. Ek by fytsewinkels yn Borger, Zwolle en Wezup is op deselde wize ynbrutsen.

Yn alle gefallen waard in gat yn it dak makke om binnen te kommen. De dupearre winkels hawwe kontakt mei mekoar en wikselje ynformaasje út. Bouma hat syn saak no goed befeilige mei kamera's en bewegingsmelders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)