Kwart fan de Fryske kij bliuwt op stâl stean

04 okt 2016 - 07:41

Goed 70 prosint fan de boerebedriuwen yn Fryslân die syn melkkij ferline jier nei bûten. Dêrneist binne der in pear bedriuwen (2,5%) dy't in part fan de kij it gerslân ynstjoerde. In kwart fan de Fryske boeren lit de kij yn de stâl stean.

Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) oer de weidegong yn 2015. Fryslân scoart mei dizze sifers krekt boppe it gemiddelde. Dat leit op 65%.

Grutte fan it boerebedriuw

Noard-Hollân stiet boppe-oan: dêr docht mear as 90 prosint fan de boerebedriuwen alle kij nei bûten. Flevolân stiet ûnderoan mei in weidegong fan noch gjin 30 prosint.

Fierder falt op dat hoe grutter in boerebedriuw is, hoe minder faak de kij bûten komme. Wol stjoere grutte pleatsen faker in part fan de kij de greide yn.

Minder weidegong

De weidegong fan kij is de lêste tsien jier flink weromrûn. No giet 65% fan de kij nei bûten, tsien jier lyn wie dat noch 80%.

Suvelbedriuw FrieslandCampina makke moandei noch bekend om de weidegong fan kij mear stimulearje te wollen. Dêrom ferheget it bedriuw de taslach foar kij yn de greide mei 50 sint ta 1,50 euro de hûndert liter molke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)