Ljouwerter op strjitte berôve fan portemonnee en horloazje

04 okt 2016 - 06:59

In 26-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan moandei op tiisdei yn de stêd berôve fan syn portemonnee en horloazje. It slachtoffer rûn yn de Oude Oosterstrjitte doe't er by de Ossekop fan achteren fêstpakt waard. De oerfaller sette dêrby in grut mes op it boarst fan it slachtoffer en easke jild.

Neidat de Ljouwerter syn portemonnee ôfstien hie, frege de oerfaller ek noch om it horloazje. Dêrnei is it slachtoffer yn de rjochting fan de Twabaksmerk treaun en naaide de fertochte út yn de rjochting fan de Peperstrjitte.

It soe gean om in man mei heallang, licht hier. Hy hie donkere klean oan en spruts syn slachtoffer yn it Ingelsk oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)