Plysjesifers: mear ynsidinten by opfangplakken fan COA

04 okt 2016 - 06:25

It oantal ynsidinten by opfanglokaasjes foar flechtlingen yn Fryslân liket ta te nimmen. Dat docht bliken út sifers fan de plysje. Dy hat ûndersyk dien nei meldings by COA-opfangplakken yn Burgum, Drachten, Ljouwert en Sint-Anne.

Wiene der oer hiel 2015 325 ynsidinten, yn de earste helte fan dit jier giet it om 223 meldings. Yn de measte gefallen giet it om geweld, folge troch stellerij en ynsidinten as gefolch fan it brûken fan alkohol en drugs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)