"Breukflak mêst fan klipper Amicitia wie foar 3/4 ferrotte"

04 okt 2016 - 06:12

It plak dêr't de mêst fan de klipper Amicitia ôfbruts wie foar trijekwart ferrotte. Dat docht neffens de Ljouwerter Krante bliken út in Dútsk ûndersyksrapport. De mêst bruts op 21 augustus ôf, flak foar de haven fan Harns. By it ûngelok kamen trije Dútske opfarrenden om it libben.

Neffens de Bundesstelle für Seeunfalluntersuchung siet it breukflak by in izeren plaat dy't tsjin de mêst skroefd wie. Under de plaat wiene reparaasjes net goed útfierd, wêrtroch wetter yn de mêst komme koe en de mêst op dat plak ferrotte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)