Learares Marleen de Groot mooglik toptalint ûnderwiis 2016

Marleen de Groot fan Ljouwert krijt tiisdeitejûn te hearren oft se de Underwiis-toptalint-priis 2016 wint. De priis giet alle jierren nei in learkrêft dy't yn syn of har stúdzje oan de learare-oplieding in opmerklike prestaasje levere hat.
De Groot is ferline jier ôfstudearre oan de ferkoarte Pabo-oplieding fan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Se is troch har skoalle nominearre om't har begelieder har skripsje oer 21e-ieuske feardichheden tige sterk fûn.
De ûnderwiis-top-talint-priis wurdt útrikt yn it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis. Yn beide kategoryen binne achttjin begjinnende learkrêften nei foaren skood.