Aksjefierders Waadeilannen oertsjûgje minister Kamp net

03 okt 2016 - 21:14
  • Boarplatfoarm yn de Noardsee
  • Minister Kamp wie tiisdei ûnder oare by boargemaster De Hoop fan It Amelân

It oerlis mei aksjefierders tsjin de gaswinning by de Waadeilannen hat minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken net op oare tinzen brocht: de winning fan gas ûnder it Waad moat mooglik wêze.

Kamp is bliid mei it oerlis dat er de ôfrûne dagen hân hat mei ûnder mear de Waadferiening en de aksjegroepen GasTvrij Terschelling en Horizon Schiermonnikoog. Kamp seit dat de proseduere by gaswinning hiel soarchfâldich is. Tusken de earste oanfraach en de winning sit 10 jier tiid. Yn de tuskentiid wurdt hieltyd wer op 'e nij nei de fergunning sjoen.

Nije mynbouwet

Tulip Oil wol by Skylge en Engie E&P Nederland by Skiermûntseach gas út de grûn helje. Dat soarget foar in soad opskuor op de eilannen. By de Earste Keamer leit op 't stuit de nije mynbouwet. Dy makket it tenei mooglik dat net nei gas boarre wurdt yn kwestbere natuergebieten.

Kamp docht tasizzings

It petear mei minister Kamp wie opbouwend, seit wurdfierder Thom Verheul fan de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog. Hoewol't Kamp fêsthâldt oan gaswinning yn it Waadgebiet, hat er wol twa tasizzings dien oan de eilanners. Sa hat Kamp tasein dat as it bedriuw Engie definityf gaswinne mei, dat dat falt ûnder de nije mynbouwet. Dan jilde der strangere betingsten. De minister hat ek tasein dat it boarplatfoarm op 19 kilometer út de kust lizze moat.

Ofsjen fan proefboarrings

De wurkgroep Horizon Schiermonnikoog is bliid mei de tasizzings fan Kamp. De aksjefierders binne mei it bedriuw Engie yn petear om ôf te sjen fan proefboarrings. Verheul is posityf oer de útkomst fan dat petear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)