Kik Pierie mei Jong Oranje ûnder de 17 ronde fierder foar EK

De 16-jierrige Kik Pierie spilet by SC Hearrenfean © AWfoto.nl
Jong Oranje ûnder de 17 jier, mei Kik Pierie fan Ljouwert yn de basis, hat him moandei as groepswinner pleatst foar de folgjende omloop fan de EK-kwalifikaasjerige. De ploech fan bûnscoach Kees van Wonderen wûn mei 4-0 fan Hongarije.
Earder fersloech Jong Oranje ek al Lúksemboarch en Denemarken. Sy sille no mei 31 oare lannen stride foar ien fan de sechstjin tickets foar it EK fan folgjend jier yn Kroäsië.