"Waadorganisaasjes moatte krêften bondelje"

03 okt 2016 - 20:47

Hoe ferkeapje jo it Waad? De Waadsee stiet al jierren op de wrâlderfguodlist fan de Unesco, mar toeristen komme net manmachtich. Om dêr feroaring yn te bringen wiene ferskate Waadorganisaasjes moandei yn Marrum op in netwurkgearkomste oer marketing. Dêr spruts Gerard Kremer fan Toerisme Werelderfgoed Waddenzee. Hy wol dat der in oerkoepeljende organisaasje komt. "Veel partijen zijn bezig met marketing van het werelderfgoed Waddenzee. Iedereen doet dit met de beste intenties, maar samenhang en regie ontbreken", seit Kremer.

Op pleatslike nivo bart der in hiel soad. No is it saak dat de organisaasjes de krêften bondelje, en der moat ek in koepel komme dy't harren fertsjintwurdiget. Dan kin de promoasje ferbettere wurde. En as mear minsken fan it gebiet heard hawwe, dan komme der ek mear toeristen nei it Waadgebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)