Fryske Kreambank iepenet twadde fêstiging yn Grins

03 okt 2016 - 18:42
  • De Kreamwinkel op It Hearrenfean

"Wy fine it belangryk dat elke poppe deselde start kriget". Dat seit Nynke Venema, ien fan de inisjatyfnimsters fan de Kreambank op It Hearrenfean. Yn de stêd Grins iepenet se moandei in twadde fêstiging.

De Kreambank is in winkel dêr't minsken mei in smelle beurs fergees guod krije kinne. Op It Hearrenfean bestean se no in jier. Kreamhelpen fan Isis Kraamzorg seagen by it wurk in soad húshâldings mei jildpine. Frijwilligers en kreamsoargers helpe dêr alle moannen sawat 25 nije húshâldings oan guod foar de lytse poppe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)