Nije stimming oer gaswinning yn Lindegebiet Wolvegea

03 okt 2016 - 18:08
  • (stockfoto)

Wetterskip Fryslân stimt tiisdei opnij oer in second opinion fan de gaswinning yn it gebiet De Linde by Wolvegea. Gaswinningsbedriuw Vermilion wol dêr nei gas boarje. De PvdA en Lagere Lasten Burger hawwe yn july in moasje yntsjinne foar in second opinion. Se wolle mear witte oer de konsekwinsjes fan gaswinning yn it gebiet.

By de foarige stimming wiene der likefolle foar- as tsjinstimmers. Om't doe net eltsenien oanwêzich wie, wurdt tiisdei opnij stimd. As der dan wer likefolle foar- as tsjinstimmers binne, wurdt de moasje net oannaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)