SWF wol startende ûndernimmers foarljochtsje oer subsydzjes

03 okt 2016 - 17:53
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

Undernimmers litte tefolle subsydzjes lizze, fynt de gemeente Súdwest-Fryslân. Dy hâldt dêrom ein oktober in foarljochtingsjûn, om se te fertellen hokker regelingen der allegearre binne foar startende en groeiende bedriuwen en bedriuwen dy't wat nijs dwaan wolle.

Op de jûn binne saakkundigen, dy't ûndernimmers tips jouwe. Undernimmers kinne nei ôfrin kontakt lizze mei mooglike jildsjitters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)