Lêste bewenners flat Drachten oer minstens heal jier werom

De bewenners fan 9 apparteminten mochten fannacht hielendal net mear yn har flat komme © AS Media
It kin wol in heal jier duorje foar't de lêste twa apparteminten fan de flat yn Drachten dêr't sneon brân wie, wer bewenber binne. Dat makket wenningkorporaasje Accolade bekend, de eigener fan de flat oan de Lange West. Dêr wie sneon brân yn in appartemint. Oare flatwenten rûnen ek skea op.
Seis bewenners koene moandei werom nei hûs. De ferwachting is dat yn de rin fan de wike de oare bewenners ek wer werom kinne, útsein de minsken dy't wenje yn de apparteminten dy't de measte skea oprûn hawwe. Dêr wurdt ferfangende wenromte foar socht.