Brân Aldhoarne: "No komt pas it besef en dan brekst"

03 okt 2016 - 17:23

'Juster libbest op adrenaline. Hjoed komt it besef en dan brekst'. Dat seit Eeuwkje Klijnstra. Klijnstra en har freon Pieter Achtien út Aldhoarne hawwe in protte fertriet oer de brân fan sneintemiddei. Dêrby is de loads fan boubedriuw Achtien & Monkel folslein ferlern gien.

It is op dit stuit noch net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe. De materiële skea is grut. De loads stie fol mei ûnder oare grutte seachmasines. It hûs fan Pieter en Eeuwkje flak foar de loads waard net troffen troch de brân.

Ynienen foel de stroom út

De skrik sit der by it pear goed yn. "Wy sieten juster yn 'e hûs tillefyzje te sjen, doe't ynienen de elektrisiteit útfoel", seit Klijnstra. Op dat stuit kamen se derachter dat de loads fan it boubedriuw by har achterhûs yn 'e brân stie. De brânwacht wie der rap by, mar koe it bedriuwsgebou net mear rêde.

Emosjonele skea

Njonken it boumateriaal dat ferfangbaar is, is der ek protte priveeguod ferlern gien. Dat soarget foar emosjonele skea. Eeuwkje Klijnstra is wol tankber foar de stipe dy út de hiele provinsje komt;. Benammen yn it doarp libje de minsken bot mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)