Skoallen yn Harns sette projekt tsjin alkohol en drugs op

03 okt 2016 - 17:12
  • Tsjoch!

Jongeren moatte nee sizze tsjin alkohol, drugs en smoken. Dat is de ynstek fan in nij gearwurkingsprojekt tusken de skoallemienskip Simon Vestdijk, de Maritieme Academie en it jongereinwurk yn Harns. Oan learlingen út de earste trije jierren fan de skoallen wurdt der foarljochting jûn oer social media, pesten, alkohol en drugs Doel is om de jongeren sterker te meitsjen tsjin groepsdruk.

It projekt 'SPAM' sil op 13 oktober úteinsette mei in spesjale foarstelling fan teatergroep Smoar. Ek de âlders wurde belutsen by it projekt en kinne mei fragen oer drugs en opgroeiende pubers oanklopje by de GGD en Verslavingszorg Noard-Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)