Marit Bouwmeester docht mei foar wrâldsylster fan it jier

03 okt 2016 - 16:46

Marit Bouwmeester fan Warten makket kâns om útroppen te wurden ta bêste sylster fan 2016. Se is moandei nominearre foar de titel 'Wrâldsylster fan it jier'. Dat is de wichtichste priis foar de erkenning fan silers.

De Olympysk kampioene yn de Laser Radialklasse nimt it by de ferkiezing op tsjin fjouwer oare nominearren, dy't allegear yn oare klassen útkomme. De winners wurde op 8 novimber bekend makke yn Barcelona.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)