FOTO: Trije kreaze Friezinnen op Boerinnen Kalender 2017

Fryslân is mei trije kreaze boerefroulju fertsjintwurdige op de Boerinnen Kalender 2017. Jackelien Visser fan Menaam, Ineke Hoekstra fan Aldebiltsyl en Rixt de Jong út Easterbierrum binne útkeazen út 240 ynstjoeringen. In rekôrtal neffens de inisjatyfnimmers fan it projekt. Mei de kalinder wolle se it stereotype oer boerinnen oanpakke en de folsleine agraryske sektor in waarm hert tadrage.
"Kij hawwe it prachtich by ús mei kowematrassen, in binnen- en bûtenterrein, in soad leafde foar de bisten en altyd skjinne wetterbakken", sa seit Jackelien Visser. Se is ien fan de fyftjin boeredochters dy't op de kalinder stean. De kalinder wurdt freed presintearre oan it publyk.