CDA wol proef mei oanpaste ferljochting bûtengebiet

De ferljochting yn Fryslân moat folle tûker en soks kin regele wurde fia ynternet. Dat seit de steatefraksje fan it CDA. Dy wol dat dêr proeven mei komme. Der binnen genôch plakken yn it bûtengebiet dêr't it strjitferljochting wol út kin, fynt de partij. Katte-eagen, oftewol rûne reflektoaren, yn de dyk binne dan wol genôch. Op plakken dêr't roettsjuster te gefaarlik is, kinne oplossings fia ynternet brûkt wurde.
As der amper ferkear is, kin it ljocht dimd wurde en as it drokker is, skine de ljochten dan wer fûler.
Minder ljochtfersmoarging
Minder ljocht is net allinnich goed foar it besparjen op de enerzjyrekken, mar ek foar de natuer. Sa is der folle minder ljochtfersmoarging.
Elke lampepeal in ûntfanger
It CDA brûkt de gemeente Schinnen yn Limboarch as foarbyld. Dêr wurdt de strjitferljochting oanstjoerd fia in netwurk. Alle lampepealen hawwe in eigen ûntfanger wêrmei't de ferljochting dimd of fersterke wurde kin.