Larsson blessearre werom út Sweden

03 okt 2016 - 15:23
  • Sam Larsson

SC Hearrenfeanspiler Sam Larsson is nei twa dagen al wer weromkaam út Sweden. Larsson is foar it earst opnaam yn de seleksje fan it Sweedske nasjonale team, mar rekke sneon blessearre oan syn ljisk yn de wedstriid tsjin PSV. Krekt nei de rêst foel er út.

Dochs reizge Larsson nei Sweden ta. De medyske stêf fûn it lykwols net ferantwurde en dus stjoerden se de oanfaller werom nei Nederlân. Hearrenfean is no troch de ynterlânwedstriden twa wiken frij.

Neffens fysioterapeut Erik Ten Voorde is de blessuere net hiel slim en moatte se ôfwachtsje oft hy oer twa wiken foar de wedstriid tsjin FC Grins wol wer fit is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)