Fryske fuotbalklups rinne net waarm foar sûnensprojekt KNVB

03 okt 2016 - 15:18
  • Reitse Spanninga hat in resept foar in sûn broadsje makke foar sportkantines

Fan de 199 Fryske fuotbalklups dogge net mear as njoggen mei oan Lekker Bezig. Dat is in projekt fan de KNVB om te kommen ta sûnere fuotbalkantines.

Dochs makket it fuotbalbûn him noch gjin soargen oer Fryslân. Neffens de KNVB is it net mear fan dizze tiid om allinnich mar frituer en sûkelade oan te bieden yn fuotbalkantines. Minsken wolle tsjintwurdich graach sûnere alternativen hawwe nei it sporten. Dat kin ek in brune bôle-tosty mei tomaat en meagere tsiis wêze.

Gjin frikadellen en patat

Mar it kin ek troch it hiele assortimint om te smiten en gjin patat en frikadellen mear oan te bieden. It fuotbalbûn begrypt dat in soad klups harren soargen meitsje oer mooglik omsetferlies, mar tinkt dat minsken ree binne om foar lekker en sûn iten yn de kantine te beteljen.

Promoasje kin better

Dat der noch net in soad animo yn Fryslân is foar it projekt seit de KNVB net safolle. Wol jout it bûn ta dat it mei de promoasje fan Lekker Bezig yn Fryslân better kin. Dat moat dan barre troch bettere foarljochting oan foarsitters en oare minsken mei ynfloed by de klups. Bûten Fryslân is der wol mear belangstelling foar it inisjatyf. Fan de goed 3000 klups yn hiel Nederlân dogge der 482 mei.

Fryslân Hjoed

Jûn is yn Fryslân Hjoed te sjen hoe’t telefyzjekok Reitse Spanninga in sûn broadsje ûntwikkelet foar de kantine fan VV Zeerobben yn Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)