Weststellingwerf kontrolearret ekstra op lânbouferkear

03 okt 2016 - 14:47

Yn Weststellingwerf wurdt it lânbouferkear de kommende tiid goed yn de gaten hâlden. Plysje en opspoaringsamtners fan de gemeente sille kontrolearje oft de lânboumasines bygelyks technysk yn oarder binne, oft de ljochten it dogge en oft der neat útstekt.

Der is op 't heden in soad lânbouferkear op de dyk omdat de rispingen fan it lân helle wurdt. Dan is der soms kwealik romte om byinoar del te gean op de dyk. Boppedat soarget de drek dy't fan de masines op de dyk komt foar glêdens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)