Saak Klaas Haijtema yn Myanmar wer útsteld

Klaas Haijtema út Wûns bliuwt langer yn ûnwissigens. De rjochter yn Myanmar soe moandei útspraak dwaan yn syn saak, mar dat is útsteld. Haijtema wurdt oanklage om't er in stekker út in fersterker lutsen hat.
Dat die er by nei wat letter bliken die in boeddhistyske fiering. Haijtema hie net troch dat it in religieuze gearkomste wie. Hy hat yntusken syn eksúses oanbean foar it barren.
De ôfrûne wike hat de rjochter al meardere tsjûgen heard. De hoop wie dat de rjochter moandei útspraak dwaan soe, mar dat is no wer útsteld nei tiisdei. Haijtema wurdt yn Myanmar bystien troch twa meiwurkers fan de Nederlânske ambassade.