Nije stichting wol geweld tsjin helpferlieners oanpakke

03 okt 2016 - 14:11

In bussjauffeur dy't slein en beflibe wurdt, in ambulânsemeiwurker dy't hindere wurdt yn syn wurk, plysjes dy't útskolden wurde om't it ferkear nei in ûngelok omlaat wurdt. Sa mar wat berjochten út it nijs fan de ôfrûne wike.

De nije Ljouwerter Stichting Resilient Care Taking wol dêr wat oan dwaan. Net allinnich op it mêd fan foarljochting en previnsje, mar ek troch slachtoffers fan dit geweld te helpen. Inisjatyfnimmer Fred Witkamp hat in soad ûnderfining mei it mentaal en fysyk begelieden fan slachtoffers fan geweld.

Syn stichting wol ta op mear respekt foar helpferlieners en goeie profesjonele help foar de slachtoffers. Sneon presintearret de stichting him op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Dêr is dan in grutte manifestaasje dêr't tsientallen organisaasjes ynformaasje en demonstraasjes jouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)