Seis bewenners útbaarnde flat Drachten kinne moandei werom

03 okt 2016 - 13:43

Seis bewenners fan de flat oan de Lange West yn Drachten kinne moandei werom nei harren appartemint. De lift yn it gebou docht it wer en gas en elektrisiteit binne opnij oansluten. Foar de oare seis bewenners dy't noch net werom kinne, wurdt socht nei in alternatyf. Dat kin in hotel wêze of tydlik oare wenromte.

Sneontejûn brânde ien appartemint yn de flat út. Oare wenten rûnen in soad reek- en wetterskea op. Alle apparteminten yn de flat kinne wer makke wurde.

Trefwurden: 
brân bewenners flat Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)