FrieslandCampina wol mear kij yn de greide

De Fryske greiden binne oan it feroarjen © Omrop Fryslân, Jaring de Groot
Melkfeehâlders fan suvelkoöperaasje FrieslandCampina moatte harren kij faker de greide yn stjoere. Om dat te berikken wol it bedriuw de saneamde ''weidegangtoeslag'' mei 50 sint ferheegje nei 1,50 euro de 100 kilo molke. Yn desimber sille de leden fan de koöperaasje har oer it foarstel útsprekke.
It tal boeren dat it fee yn de greide set, groeit de lêste jierren wer stadich. Yn 2014 die 77,2 prosint fan de boeren mei oan de weidegang en yn 2015 77,9. Yn 2020 moat it, krekt as yn 2012, neffens FrieslandCampina minstens 81,2 prosint wêze.