Ljouwert makket woansdei ûntwerpen Prins Hendrikbrêge bekend

De Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert is no in fêste brêge © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De gemeente Ljouwert makket woansdei bekend hokker twa ûntwerpen útkeazen binne foar in beweechbere Prins Hendrikbrêge. In kommisje hat twa ûntwerpen fan arsjitekteburo's útkeazen. Dy wurde oan de gemeenteried foarlein, wêrnei't dy ein oktober in definitive kar makket.
De ried hie it kolleezje yn maaie frege om mei ûntwerpen foar in beweechbere brêge te kommen. Dat soe goed wêze om mear boatsjeminsken nei it sintrum te lûken.