Ferhaal Voorleeslunch foar it earst yn it Frysk

03 okt 2016 - 10:49
  • Hylke Speerstra

By de fjirde edysje fan de Nationale Voorleeslunch, kommende freed, wurdt foar it earst ek yn it Frysk foarlêzen. Jan Siebelink skreau foar de Voorleeslunch it ferhaal 'Dons' en skriuwer Hylke Speerstra sil it yn it Frysk foarlêze yn Drachten. Mei tank oan it projekt 'Dat wie doe sa' fan de Afûk is der in Fryske oersetting fan it ferhaal makke. 

De Nationale Voorleeslunch is in inisjatyf fan de Leescoalitie. Bekende en ûnbekende Nederlanners lêze dan troch it hiele lân foar oan âlderen yn ûnder oare biblioteken en soarchynstellingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)