Plysje krijt soad stipe nei tweet oer gedrach automobilisten

03 okt 2016 - 10:25

''Doe even normaal'' en ''Gedraag je''. Dat binne mar in pear fan de tsientallen reaksjes dy't de plysje Hearrenfean krigen hat op de tweet oer it gedrach fan automobilisten nei it deadlike ûngelok op de A7 by De Jouwer freedtemiddei. Guon bestjoerders reagearden lilk doe't de dyk ôfsletten waard sadat de helptsjinsten harren wurk goed dwaan koene.

De plysjes wienen ferbjustere oer it gedrach en neamden dat op sosjale media ''triest.'' It berjocht is tsientallen kearen dield en de plysje krige in soad stipe foar harren stânpunt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)