File op de A7 troch ûngelok by Fryskepeallen

03 okt 2016 - 09:54
  • In lange file ûntstie nei in ûngelok by Fryske Peallen

Ferkear op de A7 fan Grins nei It Hearrenfean hie moandeitemoarn by Fryskepeallen lêst fan in oanriding op de sneldyk. Om't by it ûngelok skea ûntstie oan de fangrail en der in oaljespoar wie dat opromme wurde moast, is de linkerrydstrook in tiid lang ôfsletten west.

Ferkear moast in stik oer de flechtstrook ride, mei in fertraging dy't oprinne koe oant 55 minuten as gefolch. It is net bekend hoefolle auto's by it ûngelok belutsen wiene en oft der minsken ferwûne rekke binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)