UPDATE: ING skrast banen, ûntslaggen yn Ljouwert net dúdlik
It is net dúdlik hoefolle ING-meiwurkers yn Ljouwert harren baan ferlieze sille. Neffens Harold Reusken fan de ING wurdt dat yn in letter stadium bekend makke. Moandei kaam nei bûten dat de bank de kommende jierren 7000 banen skrast. Yn Nederlân giet it om 2300 ûntslaggen.
Mei de ûntslaggen wol it bedriuw 900 miljoen euro besparje. Neffens Reusken binne der minder meiwurkers nedich, omdat klanten harren banksaken hieltyd mear regelje fia ynternet.
It fakbûn FNV hat al oanjûn dat se mei de ING yn petear wol om in part fan de oankundige ûntslaggen werom te draaien.