Winterrêstgebieten foar fûgels binne wer fan krêft

03 okt 2016 - 08:34

Wettersporters binne de kommende moannen net wolkom yn gebieten dy't markearre binne mei spesjale giele boeien. It giet om de ûndjippe rânen fan ûnder oaren de Snitser Mar, de Aldegeaster Brekken en de Alde Feanen. Dêr oerwinterje guon fûgelsoarten, dy't bot ferlet ha fan rêst.

Marrekrite hat in spesjale app, dêr't minsken it oanjaan kinne ast der wol fersteuringen binne. De meldings binne ek bedoeld om der achter te kommen oft boatsjeminsken de rêst faak fersteure, seit deputearre Johannes Kramer.

Trefwurden: 
Marrekrite winterrêst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)