Skoalle yn Wolvegea: earst kertier sporte, dan de les yn

03 okt 2016 - 08:26

Op kristlike basisskoalle De Adelaar yn Wolvegea rinne of drave learlingen fan de groepen 7 en 8 'The Daily Mile' foardat de les begjint. It giet om oardel kilometer yn sa'n fyftjin minuten tiid.

Doel fan The Daily Mile is skoalbern op in sûn gewicht te krijen en te hâlden. It idee om alle skoaldagen útein te setten mei in kertierke rinne komt fan de Skotske juf Elaine Wyllie en is in grut sukses. Ferline wike wie de offisjele Nederlânske yntroduksje fan The Daily Mile.

Sport Fryslân wol earst tweintich Fryske basisskoallen safier krije om de dei te begjinnen mei in bewegingsaktiviteit. Skoallen kinne har fan moandei ôf opjaan foar it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)